Ynteresse Cambuur foar Mokhtar

23 aug 2011 - 11:32

Sportklup Cambuur hat oan PSV frege oft se oanfaller Youness Mokhtar dit seizoen liene kinne. De klup út Eindhoven stiet hjir wol foar iepen, mar dan moat Cambuur it folsleine lean fan de linksbûten wol oernimme. 'Dat kunnen wij echter niet betalen', sa lit direkteur Gerald van den Belt witte.

Boppedat wol Mokhtar sels leaver oan in earedivyzjeklup ferhierd wurde. 'Echt concreet is het daarom op dit moment niet', seit Van den Belt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)