Hûndert skiep op de A7

23 aug 2011 - 10:57

Tiisdeitemoarn rûnen der 100 skiep op de sneldyk A7 by De Jouwer-West. De skeip wiene losbrutsen út in stik greide.

De eigner, meiwurkers fan Rykswettersteat en de plysje hawwe de bisten gau fan de dyk helle. De A7 fan De Jouwer nei Snits waard sa lang oan beide kanten ôfsletten. Der ha gjin ûngelokken west.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)