Frou mishannele yn Ljouwert

23 aug 2011 - 10:26

In 26-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan moandei op tiisdei oanhâlden nei't hy op it Súdvliet in 21-jierrige frou mishannele hie. Tsjûgen warskôgen de plysje dat de man de frou oan it hier oer de dyk luts. It duo hie sels in oar ferhaal. Neffens har wie der drank yn it spul en wie de frou fallen.

De plysje fertroude de ferklearrings net. De man is meinaam nei it buro, de frou is mei ferskate ferwunings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)