Motorrider botst op bus

De plysje hat moandeitejûn it rydbewiis fan in 22-jierrige motorrider fan De Jouwer ynnaam. De man botste op de Haskerútgong op It Hearrenfean tsjin in bestelbus, De bestjoerder wie op de diik oan it kearen en sei dat hy goed sjoen hie oft der ek oar ferkear wie. Neffens him hat de motorrider fierstente hurd riden. Tsjûgen befestigen dat ferhaal.
Om't de motorrider fallen wie by de botsing, kaam der ek in ambulânse, mar de man woe net behannele wurde.