Jong Hearrenfean wint fan NEC

22 aug 2011 - 21:29

Jong Hearrenfean/Emmen hat de earste kompetysjewedstriid tsjin NEC moandei mei 2-0 wûn. Yn Nijmegen wiene de Friezen fan de earste minút ôf de bettere ploech. Dat liede yn de 15e minút ta in goal fan Doke Schmidt. Yn de twadde helte skoarde Thomas Bakker út in frije traap fan Martinus de 2-0. It Fean hie noch genôch kânsen, mar keeper Babos hold de skea beheind.

Smetsje op de wedstriid wie in kertier foar tiid de reade kaart foar Martinus fanwege in swiere oertreding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)