Waadgoud op Flylân
Op Flylân binne moandei wer trije Waddengoudsertikaten útrikt. Foar it earst is der ien útrikt yn de kategory 'keunst en kultuer' en wol oan it duo Drijfhout. Sy wenje op Flylân en meitsje foarstellings mei ferhalen en âlde ferskes fan de eilannen.
De oare beide gelokkigen wiene de restaurants De Dining en it Skoener Avontuur.