Medaljes Foekje Dillema fuort

22 aug 2011 - 15:18

De medaljes fan Foekje Dillema binne stellen. De atlete út Boerum waard yn 1950 skorst troch it atletykbûn om't dy seinen dat se in man wie. Se woe dêrnei neat mear mei de medaljes te krijen hawwe en joech se oan ien yn Nij Seelân. Nei har dea hawwe har famylje en freondinne Gees Jorna alle war dien om har te rehabilitearjen en de medaljes wer nei Fryslân te krijen.

Op 9 septimber soene se foar it earst tentoansteld wurde yn de Harmonie by de foarstelling Draaf Foekje Draaf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)