Wetterskea troch himpkwekerij

22 aug 2011 - 11:10

In wenning oan de Weidemaad yn Easterwâlde is mooglik ûnbewenber rekke troch wetterskea dy't feroarsake is troch in himpkwekerij. Snein waard de plysje troch de haadbewenster belle dat it wetter op de boppeferdjipping by de muorren lâns streamde.

Op solder bliek in himpkwekerij te stean mei 224 plantsjes. De plysje hat dêrfoar noch gjin fertochte oanholden, wol is in motor yn beslach naam. Alle planten en kweekmaterialen binne ferneatige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)