Guod út boat stellen

22 aug 2011 - 10:47

De plysje hat snein in 38-jierrige Ljouwerter oanholden foar ynbraak op in skip dat yn it Van Harinxmakanaal lei. In tsjûge seach twa minsken oan board dy't fertocht dwaande wiene. Se namen guod mei yn in auto.

Plysjes seagen dat twa ruten fan de kajút forsearre wiene en giene op ûndersyk út. Op de Hollanderdyk seagen se de fertochte auto riden. Yn de auto fûn de plysje frisdrank en tabak út it skip, en ynbrekkersark. De man sit fêst op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)