Faas tsjin holle goaid

22 aug 2011 - 10:41

In 32-jierrige ynwenster fan Ljouwert wurdt derfan fertocht dat se by in rúzje in faas tsjin de holle fan in man goaid hat. Se is dêrfoar sneintejûn oanholden yn in hotel oan it Europaplein yn Ljouwert.

Slachtoffer is in 59-jierrige ynwenner fan it Finske Eura. Hy rûn ferskate ferwûnings op en moast foar ûndersyk nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)