Ljouwerter krijt klappen

22 aug 2011 - 10:15

Trije Ljouwerters fan 33, 35 en 38 jier binne sneintenacht oanhâlden foar iepenlike geweldpleging. De trije wiene belutsen by in rúzje yn in wenning oan de Gabriel Metsusstrjitte. Dêrby wie in rút fernield en hat in man klappen krigen. De manlju soene swurden by har hawwe.

Yn de buert fan de wenning koe de plysje de minsken oanhâlde. Ek waard in swurd fûn. In slachtoffer wie in 37-jierrige Ljouwerter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)