Brân yn stroomkast wynmûne
De stroomkast fan in wynmûne by in pleats yn Ferwâlde is moandeitemoarn yn 'e brân flein. Om fiif oere hearden de bewenners in klap en rekke it fee oerémus, mar doe wie de oarsaak net te finen.
In goed oere letter kaam der reek út de stroomkast, op de grûn ûnder de wynmûne. De brân wie gau ûnder kontrôle.