Rolstoelbus Tom nei Limboarch

22 aug 2011 - 08:19

De rolstoelbus fan it Hearrenfeanster jonkje Tom Philips giet nei in lotgenoat yn Limboarch. Tom Philips ferstoar yn maart oan de seldsume stofwikselingssykte Jansky-Bielschowsky. Hy waard sân jier.

Freonen en famylje hawwe de bus mei ynsammelingsaksjes by inoar garre sadat Tom net oan hûs bûn hoegde te wêzen. De bus wurdt no yn brûklien jûn oan de seisjierrige Joey út Brunssum, dy't deselde sykte hat as Tom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)