Syljacht sonken nei oanfarring

Op de Iselmar by De Lemmer is in syljacht sonken nei in oanfarring mei in binnenfeartskip. De trije minsken oan board kamen nei de oanfarring yn it wetter telâne. It Dútske binnenfeartskip Esmée dat by de oanfarring belutsen wie en oare wettersporters dy't yn de buert wiene, hawwe de silers oan board naam.
Ek de rêdingsboat fan De Lemmer waard warskôge. Dy hat de silers nei de wâl brocht. Ien fan harren is nei it sikehûs fan It Hearrenfean brocht.