Trio Osinga wint PC-generale

21 aug 2011 - 17:05

De generale foar de frouljus PC snein yn Akkrum is wûn troch it partoer fan Maaike Osinga, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken. De finale tsjin Iris van der Veen, Baukje Aalbers en Manon Scheepstra einige yn 5-2 en 6-4. De tredde priis wie foar it partoer fan Marije Hiemstra, Mariska Hoogland en Wiljo Sijbrandi.

Lykas op de PC yn Weidum, diene der yn Akkrum tolve partoeren oan de frije formaasje partij mei. Moandei is de lotting foar de frouljus PC.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)