Reboelje oer PC-list froulju

It PC-keatsfjild yn Weidum
De measte keatsfroulju binne net bliid mei de kar om it partoer fan Romy van der Veen, Harmke Siegersma en Nelie Steenstra bûten de PC-list hâlden.
De technyske kommisje fan it keatsbûn keas foar it earsteklas partoer fan Evelien Westra, Marit Kuperus en Anke Winkel. En dat wylst benammen Romy van der Veen hast alle útnoegingspartijen yn de haadklasse keatst hat. In soad keatsers begripe it beslút net. De PC wurdt woansdei yn Weidum ferkeatst.