Undersyk nei brân loads Grou

Foto: Anton Kappers
De forensyske resjerzje sil fierder ûndersyk dwaan nei in brân yn in loads yn Grou, ôfrûne sneon. De brân ûntstie mooglik trochdat der 500 weedplantsjes yn de loads stiene. De kwekerij waard by de bluswurksumheden ûntdutsen.
Troch al it bluswetter streamde in put oer wêrtroch't in lyts bytsje oalje yn it oerflaktewetter rûn. Wetterskip Fryslân sil ûndersyk dwaan nei de mooglike fersmoarging. Ek wurdt noch sjoen nei mooglik asbest dat frijkommen is.