Man mei wapen en XTC oppakt

Yn Drachten hat de plysje sneontenacht op de Lange West in 31-jierrige man oanhâlden op fertinking fan heling. De man fytste sûnder ferljochting oer de dyk. Ek wie syn fytsslot stikken seage. De man koe dêr gjin ferklearring foar jaan.
De man waard fûljearre en doe dy bliken dat er in fjoerwapen en patroanen by him hie. Ek waard amfetamine en XTC-poeder fûn. De fertochte hie ek in noch in straf iepenstean.