Dwerse man mei wapen oppakt

Op It Hearrenfean hat de plysje ofrûne wykein in 29-jierrige man oanholden foar ferbean wapenbesit. Plysjes seagen de man rinnen yn in rekreaasjepark. Hy like yn de war te wêzen en waard steande holden. Yn in tas dy't de man by him hie waard in luchtdrukpistoal oantroffen.
Meiwurkje oan in oanhâlding woe de man perfoarst net. Hy fersette him heftich. Mei help fan pepperspray koe de man úteinlik yn de boeien slein wurde.