Heler fan scooter oanholden

21 aug 2011 - 13:50

Yn de Siebe Schootstraat yn Ljouwert hat de plysje dit wykein in man fan 39 jier oanholden dy't fertocht wurdt fan heling. In 18-jierrige Ljouwerter hie by de plysje meld dat begjin july syn scooter stellen wie.

Letter seach it slachtoffer dat syn scooter te keap oanbean waard op in ynternetside en hy gie op ûndersyk út. Sadwaande kaam er derachter dat de scooter by de mooglike dieder thús stie. Hy tipte de plysje dêroer. De fertochte waard oanholden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)