Frou swierferwûne by oanriding

21 aug 2011 - 13:38

In frou fan 68 jier út Surhústerfean is sneon ûnder plysjebegelieding nei it UMCG-sikehûs yn Grins brocht nei in oanriding by de provinsjale dyk by Droegeham.

De frou stuts de krusing by de Lytsewei oer en waard dêr oanriden troch in auto. It slachtoffer rekke troch de klap swierferwûne. Der waard ek in traumahelikopter ynset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)