Graffitykeunst yn Berltsum

Op it âlde feilingterrein fan Berltsum binne twa graffitykeunsters dit wykein dwaande mei it bespuitsjen fan de muorren fan de gebouwen. It giet om in inisjatyf fan omwenners. Dy wolle de projektûntwikkelder dy't eigner is fan it terrein, ludyk dúdlik meitsje wat der neffens har barre moat mei it terrein. Sa wurde der ûnder oare wenningen op de alde gebouwen ferve.
De gemeente Menameradiel en ek de projektûntwikelder hawwe tastimming jûn en betelje ek in part fan de kosten.