Brân yn loads Grou

21 aug 2011 - 08:21
(foto: Anton Kappers)

Yn Grou hat sneontejûn brân west yn in loads fan in skipstimmerbedriuw oan de Oedsmawei.

It fjoer soarge foar in soad reek en luts in soad taskôgers. Ferskate brânwachtkorpsen waarden oproppen om it fjoer te bestriden. Yn de loads stie in himpkwekerij. De krekte oarsaak fan de brân wurdt fierder ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)