Nije spits Harkemase Boys

21 aug 2011 - 00:48

Harkemase Boys hat yn de namme fan Rob van Bunderen in nije spits. Hy komt oer fan de twaddeklasser WV-HEDW út Amsterdam. Mei dy ploech promovearre hy ferline jier. Van Bunderen spile earder by The Knickerbockers yn Grins. Dêr kin de assistint-trainer fan Harkemase Boys Marc van Meel him noch fan.

Harkemase Boys sil op syk nei noch in spits. De klup hat al kontakt mei in spiler út it betelle fuotbal, mar mei dy spiler moatte se noch yn petear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)