Punt foar Harkemase Boys

20 aug 2011 - 16:37

Harkemase Boys hat oan de earste kompetysjewedstriid fan dit seizoen in punt oerholden. Tsjin Katwijk bleau it 0-0. Katwijk wie oer de hiele wedstriid de bettere ploech en krige in pear goeie kânsen.

Benammen yn de earste helte wie Katwijk de bêste ploech en mochten de Boys harren hannen tichtknipe, dat Katwijk net in foarsprong pakte. Pas yn de twadde helte kamen de Harkiten in bytsje mear yn it spul foar, mar echt in soad kânsen smiet dat net op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)