Koperdieven op It Fean pakt

20 aug 2011 - 14:16

De plysje hat freedtenacht op It Fean fjouwer Roemeenske manlju oanhâlden op fertinking fan koperstellerij. De plysje wie tipt dat de fjouwer har fertocht gedroegen op in parkearplak oan de Weinmakker. De plysjes fûnen dêr in bedriuwsauto fol koper.

Nei in skoftke stapten twa persoanen yn de bedriuwsauto en twa oaren rieden der mei in oare auto achteroan. De plysjes hold de auto's oan en konstatearren dat it koper wierskynlik stellen wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)