Pealsitters Kollum sette troch

Der dogge noch fiif dielnimmers mei oan it NK duo-pealsitten yn Kollum. Ofrûne tongersdei binne tolve dielnimmers begûn oan it NK mei it doel oant sneontejûn tsien oere sitten te bliuwen. Lang net elkenien is dat slagge. Foar de winners lizze jildprizen klear.
It NK duo-pealsitten wurdt foar it twadde jier organisearre. Om it pealsitten hinne wurde tal fan aktiviteiten organisearre wêrûnder in bingo en in bradery.