Swier ferwûne man ferstoarn

19 aug 2011 - 20:24

De 83-jierrige ynwenner fan Burgum dy't ferline wike freedtemiddei by in ûngelok op de Ryksstrjitwei N355 swier ferwûne rekke is ferstoarn.

De man stuts dy bewuste freed de krusing fan de Ryksstrjitwei en it Wyldpaed oer op it momint dat in 42-jierrige automobiliste oanriden kaam. De frou koe de man net mear ûntwike. De man is tongersdei yn it UMCG yn Grins ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)