Mooglik mear transfers by Fean

19 aug 2011 - 19:48

Hearrenfeanfoarsitter Robert Veenstra slút net út dat syn klup dizze transferperioade noch wat dwaan sil. Mei it oanlûken fan ferdigener Ramon Zomer hat Hearrenfean it team ferdigenjend fersterke, mar de klup sjocht ek nei de oare linys.

Hearrenfean hat noch wat jild oer om wat te dwaan, mar it moat finansjeel wol helber wêze. De transferperioade rint noch oant en mei 31 augustus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)