Motorrider ferwûne by ûngelok

19 aug 2011 - 19:35

In 46-jierrige ynwenner fan De Lemmer is freedtemiddei ferwûne rekke by in ûngelok mei syn motor. De man ried op de Melkweg op De Lemmer en woe ôfslaan nei it tankstasjon. In 31-jierrige automobilist fan De Lemmer seach de motorrider te let en koe in ûngelok net mear foarkomme.

De motorrider kaam te fallen en rekke ferwûne oan syn rjochterknibbel en skonk. It slachtoffer is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)