Man brûkt pepperspray

19 aug 2011 - 19:31

In 25-jierrige ynwenner fan Deinum is freed oanhâlden op fertinking fan mishanneling en ferbean wapenbesit. De man krige rûzje mei in 42-jierrige ynwenster fan Ljouwert by in bedriuw oan de Telemanstrjitte yn dy stêd.

De soan fan de frou sloech mei de doarren. De man sei hjir wat fan, wêrnei't er in rûzje ûntstie tusken de man en de mem. De fertochte hat de frou úteinlik mei pepperspray yn it gesicht spuite. Tsjin de man is proses ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)