Drugsdealers oanhâlden

19 aug 2011 - 19:29

De plysje hat tongersdei twa ynwenners fan 20 en 21 jier fan It Hearrenfean oanhâlden foar it dealen fan GHB. In agint seach ien fan de manlju in lyts fleske oan de oare jaan wêrnei't de man dizze leechdronk.

Doe't de agint de 20-jierrige fertochte oanspruts die bliken dat er GHB by him hie. Hy sei dat er dat krigen hie fan de 21-jierrige plakgenoat. Letter die bliken dat de man ek noch amfetamine by him hie. Beide manlju binne oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)