Bliksemtried útjouwerij fuort

19 aug 2011 - 14:48

By útjouwer Jongbloed op It Hearrenfean is tongersdeitenacht de bliksembefeiliging stellen. It giet om 1,5 oant 2 kilometer oan kopertried. De dieven moatten oeren wurk hân hawwe om it tried fan it gebou ôf te heljen.

De stellerij hat gjin gefolgen foar de drukkerij, salang't it wjerljocht net ynslacht. De befeiliging sil ynkoarten wer op 'e nij oanlein wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)