Igor Djuric per direkt fuort

19 aug 2011 - 14:42

It kontrakt fan Hearrenfeanspiler Igor Djuric is ûntbûn. Dat giet fuortendaliks yn. De fuotballer hie noch in kontrakt foar twa jier. Djuric wie earder al bûten de seleksje set en Hearrenfean wol no net mear mei him fierder.

Djuric kaam twa jier ferlyn nei SC Hearrenfean. Hy hat mei-inoar fiif wedstriden spile. Igor Djuric is no frij om út te sjen nei in oare klup.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)