Alde gasliedings yn Ljouwert

19 aug 2011 - 12:19

Yn Fryslân binne noch mar in pear mooglik gefaarlike jitizeren gasliedings. It grutste diel is ferfongen, seit behearder Enexis. No is der noch mar 1 persint oer, foaral yn Ljouwert.

Twa jier ferlyn stelde de Undersyksrie foar de Feiligens de âlde jitizeren gasliedings oan 'e oarder. Yn grûn dêr't beweging yn sit, lykas by sâltwinning, kinne se eksplodearje. No leit der yn hiel Nederlân noch sawat 6000 km oan jitizeren gasliedings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)