Jenni de Groot no op 3400 km

19 aug 2011 - 11:04

De finish komt yn sicht foar ultrarinster Jenni de Groot út Ljouwert. Se rint goed 5000 kilometer fan Los Angeles nei New York. Takom wike sneon komt se dêr oan. De Groot hie ôfrûne wike wol wat lêst fan in blier, mar koe alle etappes folbringe. Mei-inoar hat se no 3400 km ôflein. Dat is 1000 km minder as de rinners dy't noch foar it klassemint stride.

De Groot docht net mear mei foar it klassemint. Se foel troch it waarme waar in pear kear út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)