190 op Wâldwei, 200 op A7

19 aug 2011 - 10:47

In 25-jierrige hurdrider út Ljouwert hat tongersdeitenacht de plysje achter him oan hân. Dy seagen him it Drachtsterplein oer stowen. Dêrop giene se him achternei.

De Ljouwerter ried ferskate kearen hiel hurd. Sa waard der 190 kilometer yn de oere op de Wâldwei metten. Fia de A32 ried er de A7 op. Dêr't ried er 200 kilometer yn de oere. By De Lemmer op de A6 waard er fan de dyk helle. Hy moast syn rydbewiis ynleverje. Der is ek proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)