'Buorfrou' blykt dief te wêzen

19 aug 2011 - 10:32

In âlder echtpear yn Haulerwyk is thús fan sieraden bestellen troch twa froulju. Ien belle oan en fertelde dat sy de nije buorfrou wie. Se hie lêst fan lekkerij en rûn sa de wenning yn nei de berging ta. Dêr hâlde se it echtpear oan de praat. Doe't se nei fiif minuten wer fuortgie, seach it echtpear in oare frou achter út 'e hûs weikommen. Fan dat momint ôf misse se sieraden.

De twa stellende froulju binne tusken de 25 en 32 jier en sawat 1.65 lang.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)