Lêste dei strânkuiertocht

19 aug 2011 - 08:16

175 minsken kuierje freed oer it strân fan Skiermûntseach. It is de lêste dei fan in fiifdaagse strânkuiertocht oer de waadeilannen. Moandei wie de start op Teksel. De dielnimmers rinne oer it strân fan de westpunt nei de eastpunt fan de eilannen en wurde dan mei skippen oerbrocht nei it folgjende eilân.

Letter dizze simmer komt der ek noch in 'haventocht'. De dielnimmers wurde dan nei de havens fan de eilannen brocht wêr't se in kuiertocht meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)