Tennisbanen Raerd faai
De rjochter hat Sportstichting Raerd yn it ûngelyk steld yn it skeel mei de gemeente Boarnsterhim oer it ûnderhâld fan de tennisbanen yn it doarp.
De gemeente kin no nei 30 jier it kontrakt mei de tennisklup yn 2012 opsizze. Dêrmei driigje de tennisbanen te ferdwinen. It bestjoer fan Sportstichting tinkt noch nei oer mooglike stappen.