Kollumer swiete eart werom

De Kollumer swiete eart is werom. Sûnt de jierren '60 wurdt dy kwalik mear ferboud. Ikkerbouwer Piet Hoekstra fan Sint Jabik hat him 5 jier lyn wer yn de grûn set. Hy krige se fan Kollumer Jan vd Velde dy't mei it kennissintrum foar Fryske gewaaksen besocht it ras te behâlden. Dit jier hat Hoekstra mei in oare ikkerbouwer 60 bunder rispe.
De earten sjogge derút as grauwe earten en binne fuort erkend as lanlik streekprodukt út it waadgebiet en ha it sertifikaat Waddengoud.