Frou berôve yn Ljouwert

In 44-jierrige frou út Ljouwert is tiisdeitejûn berôve by de tunnel ûnder de Oostergowei. De frou ried mei har scootmobyl yn de buert fan de tunnel doe't fjouwer mannen fan om de 20 har tsjinhâlden. Se bedrigen har mei in mes en easken har jild.
De plysje is driuwend op syk nei in tsjûge: in man dy't syn Dútske herder oan it útlittten wie. Ek wol de plysje yn kontakt komme mei oare tsjûgen fan de berôving.