Ferfelende Frjentsjerter pakt
De plysje hat yn in restaurant oan de Larixstrjitte yn Ljouwert in 32-jierrige Frjentsjerter oanhâlden. De man gedroech him ferfelend, nei alle gedachten omdat er tefolle dronken hie.
De eigner fan it restaurant skeakele dêrop de plysje yn. Dy hat de man meinaam nei it buro en him dêr fêstset foar fierder ferhoar.