Dennis van der Ree nei Veendam

Dennis van der Ree
Cambuurfuotballer Dennis van der Ree hat in kontrakt tekene by SC Veendam. De 32-jierrige ferdigener kaam by Cambuur net mear yn oanmerking foar in kontraktferlinging.
Van der Ree hat fjouwer seizoenen foar Cambuur spile. Dêrfoar spile er ûnder oare foar FC Utrecht, NAC Breda en AGOVV út Apeldoorn. Van der Ree komt mooglik freed yn de útwedstriid tsjin MVV al yn aksje foar Veendam.