Mishannelingssaak oplost

De plysje hat twa famkes fan 17 en 15 jier oanhâlden foar in swiere mishanneling yn Ljouwert op Himelfeartsdei. In famke fan 18 kocht doe sigaretten by it BP-tankstasjon op de Drachtsterwei en waard fuort dêrnei fan de fyts treaun troch trije famkes.
Se waard sa hurd slein en skopt dat se bûten westen rekke en in slim trauma oan de mishanneling oerhold. Nei in tsjûge-oprop hat de plysje trije famkes oanhâlden. Ien famke bliek hie neat mei de saak te krijen.