Net nei 't húske yn 'e trein

Treinreizigers kinne yn de treinen fan Arriva al wer net nei it húske. Troch in steuring yn it ôffiersysteem kinne op guon trajekten de wc's net brûkt wurde. De steuring duorret al in moanne, mar sil neffens Arriva sa gau mooglik ferholpen wurde.
Fan 't winter koene treinreizgers ek al net nei de wc. Doe feroarsake it kâlde winterwaar in steuring oan de treinhúskes.