Apple-winkels oernommen

17 aug 2011 - 20:39

De trije Fryske fêstigings fan de Apple-kompjûtersaken Maxme wurde oernaam troch konkurrint Icentre. Dat bedriuw hat yn de rest fan it lân 15 saken. By de Applewinkels yn Ljouwert, Snits en op It Hearrenfean wurkje sa'n 20 minsken. Maxme hat ek noch fjouwer saken yn Grinslân, Drinte en Flevolân. Mei-elkoar wurkje der mear as 50 minsken.

De oername hat gjin gefolgen foar it personiel yn de winkels, mar miskien wol foar it kantoarpersoniel yn Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)