Slange-earnen yn Fochtelerfean

Yn it Fochtelerfean binne fjouwer slange-earnen sjoen. Alle jierren komt der wolris sa'n fûgel oerfleanen, mar noch nea earder wiene der fjouwer tagelyk. Dizze rôffûgels sitte gewoanwei yn Súdwest-Europa. De earnen ite slangen en dy sitte der ek yn it Fochtelerfean in soad. Dat is ek de reden dat de fûgels hjir komme.
De boskwachter fan Natuermonuminten ferwachtet dat de slange-earnen de hiele moanne augustus noch te sjen wêze sille yn it natuergebiet.