Heerschop wint silerij Sleat

17 aug 2011 - 16:19

Sikke Heerschop hat woansdei de IFKS-silerij by Sleat wûn. Mei it skip de Wylde Wytse kaam er as earste oer de finish op de Sleattemermar. Sieb Meijer waard twad en Tony Brundel tred. Hy koe krekt Henk Regts foarbliuwe.

It is Heerschop syn earste oerwinning yn de A-klasse. Yn de wedstriid foel by Jelle Talsma in man oerboard. Dy is troch it Omropboatsje út it wetter helle en wer nei it skûtsje brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)