Twa Friezen by seleksje EK

17 aug 2011 - 15:57

Doelman Marco Bizot fan Cambuur en spits Luciano Narsingh fan SC Hearrenfean binne foarearst selekteard foar de kwalifikaasjewedstriden foar it EK ûnder de 21. Dat wurdt yn 2013 hâlden yn Israël. Nederlân begint de foarrondes foar in plak op it EK mei in wedstryd yn en tsjin Bulgarije, op 1 septimber. Fiif dagen letter spilet Jong Oranje thús tsjin Luksemburch.

Trainer Cor Pot makker de definitive ploech nije wike freed bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)